(Levens)Verhalen

» Allemaal zien     «Vorige «1 ... 13 14 15 16 17 18 19 20 21 ... 155» Volgende»     » Dia voorstelling

Behekst dier gewond: vrouw vertoont de volgende dag tekenen

Een klein kind begon elke nacht tussen een en twee uur te huilen en te razen, en was niet rustig te krijgen. Een kennis zei dat het kind betoverd was. In het kussen van het kind vonden ze een krans. Toen er een zwarte kat aankwam, hebben ze daar met stenen op gegooid. Later kwam er een vrijgezelle venter aan de deur, met allemaal verband om zijn hoofd. Hij zal wel de tovenaar geweest zijn.

Myn âldste suster hie nou fiif en sauntich jier west. Hja wenne njonken it café fan Kielstra.
Heit en dy hienen in krêbbe yn 't bêdsté, dêr sliepte ús Pytsje yn. Altyd om deselde tiid yn 'e nacht, tusken ien en twa ûre, bigoun it bern forskrikkelik to jammerjen en to razen. Se koenen har noait stil krije, sa angstich en sa binaud wie 't bern.
Doe kom âlde Melle Tsjet dêr us in kear. Dy har man dat wie in Pebesma. Tsjet sei: "Sil ik jim us hwat sizze? Dat fanke is bitsjoend. Jimme matte 't kessen mar us iepensnije, dêr't se op leit. Dêr sil wol in krâns yn sitte. As dat it gefal is, dan is der gjin twivel mooglik. Dan is it bern bitsjoend. Dan sil hjir wol in greate swarte kat komme. En dêr matte jim mar op smite mei in stien. En dan sille jim de tsjoenster fansels wol to sjen krije."
It kessen woarde iepentoarnd en der kom in krâns út to foarskyn. Doe wie 't in biwezen saek. Der kom ek noch in swarte kat oan, dy ha se smiten. Hy woarde foargoed rekke.
Letter kom der in âld man by ús, dat wie âlde Jelle Spinder. Dy wenne allinnich, yn 'e Hounesteech. Hy roan altyd mei hwat negoasje, lyk as lúsjefers, spjelden, bân ensa. Doe't er dy kear by ús kom, hied er allegear smertlapen om 'e holle. It lei foar de hân dat hy de tsjoenster wie.
Wy mochten letter noait mear nei him ta om boadskippen

Eigenaar/Bronhttp://www.verhalenbank.nl/items/show/21092
Datum13 sep 1967
Verbonden metJelle Kornelis Spinder

» Allemaal zien     «Vorige «1 ... 13 14 15 16 17 18 19 20 21 ... 155» Volgende»     » Dia voorstelling